FIDEO: Efter de skermen by de Sinteklaas-tariedingen

De tariedingen foar de Sinteklaasyntocht yn Dokkum binne folop oan de gong. Ruten wurde himmele, ferkearsbuorden pleatst. En by de gemeente Dongeradiel stiet de telefoan net stil. In spesjaal projektburo hâldt him dwaande mei ûnder oaren feilichheid, foarmjouwing, programma en fersiering. Dêr belje in soad minsken hinne mei allegearre praktyske fragen oer bygelyks parkearjen.
Efter de skermen fynt in mega-operaasje plak om Dokkum op de bekende kaart te setten. Projektlieder Bernd Jager wurket der mei 15 oant 20 meiwurkers oan. Mar ek de minsken fan de bûtentsjinst, dy't de stêd fersiert, en fan de ôfdieling kommunikaasje wurkje der oan. En dan binne it samar sa'n 60 minsken dy't dwaande binne om Dokkum klear te meitsjen foar it Sinteklaasfeest.