Bysûndere Fryske kast grutste oankeap ea Groninger Museum

Mei de oankeap fan in bysûndere kast mei in Fryske oarsprong, hat it Groninger Museum yn Grins syn grutste oankeap ea dien. De kast fan keunstner Hendrik Nicolaas Werkman is fan it Hylper model. Werkman hat de kast yn 1943 beskildere yn opdracht fan de Feanster dûmny August Henkels. Hy en Werkman wiene freonen. De dûmny wie fassinearre troch Werkmans skilderijen en druksels en sammele se. Ut en troch joech er Werkman in privee-opracht, mei as hichtepunt de kast. It is ien fan de wichtichste wurken fan Werkman.
Fan freed ôf is de kast te sjen foar it publyk yn de permaninte tentoanstelling De Collectie yn it Groninger Museum. De kast is in tradisjoneel meubel mei moderne Bibelske foarstellingen.