Rotten sitte CDA dwers

© ANP
De CDA-fraksje yn de gemeenteried fan De Fryske Marren hat fragen steld oer de bestriding fan rotten. De partij wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte wat hjir yn de gemeente oan dien wurdt. It CDA seit dat ynwenners fan Dolsterhuzen hieltyd faker melding dogge fan oerlêst troch rotten en oar ûngedierte. De fraksje wol ek witte as dúdlik is hoe grut de oerlêst krekt is yn de gemeente.