Direkteur Arjan Berkhuysen ferlit de Waadferiening

09 nov 2017 - 12:42

Direkteur Arjan Berkhuysen hâldt op by de Waadferiening. Hy wurdt direkteur fan de nije organisaasje World Fish Migration Foundation. Dizze organisaasje wol it ûnderwerp fiskmigraasje wrâldwiid op de aginda sette. Berkhuysen hat by de Waadferiening al op ferskate flakken ûnderfining opdien mei dit ûnderwerp. Sa lei er de basis foar de fiskmigraasjerivier tusken de Iselmar en de Waadsee.

De Waadferiening fynt it spitich dat Berkhuysen fuortgiet, mar is de âld-direkteur ek tankber foar al it wurk dat er dien hat. Sa wie er belutsen by it opsetten fan ien behearautoriteit foar it waadgebiet. Der is noch gjin opfolger fûn, hjir sil de Waadferiening yn de kommende wiken mei dwaande. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)