Second opinion gaswinning Langsweagen befêstiget berekkening

09 nov 2017 - 11:58
(fotofoarbyld)

De second opinion nei de effekten fan gaswinning by Langsweagen ûnderskriuwt earder ûndersyk fan gaswinbedriuw Vermilion. Sa wurdt de foarspelde boaiemdelgong ek yn it nije ûnôfhinklike ûndersyk rûsd op maksimaal 13 milimeter. Ek wurdt befêstige dat de kâns op ierdskokken yn de omjouwing nihyl is.

Neffens wethâlder Siebenga fan de gemeente Hearrenfean befêstiget de second opinion dat der net twivele hoecht te wurden oan de berekkeningen fan Vermilion.

(Advertinsje)
(Advertinsje)