Friezen binne leaver op in gewoane fyts op 'en paad

09 nov 2017 - 11:36
Foto: ANP

Friezen stappe leaver op in gewoane fyts as op in elektryske. Ut ûndersyk fan it CBS docht bliken dat elektryske fytsen benammen populêr binne yn it easten fan Nederlân: yn Drinte en Oerisel. Yn de kategory 'meast brûkte ferfiermiddel' skoart de gewoane fyts 27 persint yn Fryslân, wylst de elektryske op goed 2 persint sit. Friezen meitsje ek net in soad gebrûk fan it iepenbier ferfier: krekt wat mear as 3 persint fan alle ritten giet mei de bus of de trein. Mei goed 45 persint wurdt der it meast keazen foar de auto. Ek kuierje is mei 19 persint aardich populêr.

(Advertinsje)
(Advertinsje)