Afgaanske Maedeh yn finale foar MBO-ambassadeur

09 nov 2017 - 11:05
Maedeh oan it wurk - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

De 21 jierrige Maedeh Rahimi út Burgum stiet yn de finale fan de ferkiezing fan ambassadeur foar it MBO. De útslach fan de de ynternetferkiezing is tongersdei bekendmakke. Maedeh is studinte oan ROC De Friese Poort yn Ljouwert en komt út Afganistan. Se mocht meidwaan oan de ferkiezing fanwege tige goeie staazjeresultaten. Op 23 novimber is de grutte finale. Ut 39 kandidaten binne10 finalisten fia in ynternetferkiezing keazen. Op in grut gala yn Apeldoorn wurdt de ambassadeur keazen troch in sjuery. De sitewaasje fan Maedeh is bysûnder. Se hat gjin status en rint kâns weromstjoerd te wurden nei Afganistan. Se wennet mei har famylje yn it AZC yn Burgum.

(advertinsje)
(advertinsje)