Plysje hâldt opnij fertochte (30) oan yn drugssaak Snits

© Omrop Fryslân, Alle Faber
De plysje hat woansdeitemoarn op 'e nij in fertochte oanholden yn it Snitser ûndersyk nei drugshannel en wytwaskjen. It giet om in man fan 30 jier út Snits. Hy melde himsels op it buro omdat er wist dat er socht waard. De man wurdt fertocht fan besit of hannel yn drugs en fan wytwaskjen. Hy waard yn maart 2015 ek al oanholden nei't de plysje oan it Keatslân yn Snits in hennepkwekerij oprôle hie.
Op 31 oktober trochsocht de plysje tsien gebouwen yn it ramt fan in ûndersyk nei drugshannel en wytwaskjen. Der is beslach lein op jild, auto's en wenningen. Dy dei binne al trije fertochten oppakt. Twa fan har sitte noch fêst. Ek dizze manlju fan 31 en 33 jier komme út Snits. De plysje giet troch mei it ûndersyk en slút mear oanhâldingen net út.