Lufile fuort by Aris, Jeroen van der List komt werom

09 nov 2017 - 10:56

Meshack Lufile spilet net langer by Aris Ljouwert. De Kanadeeske center wurdt ferfongen troch Jeroen van der List. Hy past mear by de spylwize dy't basketbalcoach Tony van den Bosch foar eagen hat.

Van der List spile yn it seizoen 2009-2010 ek by Aris, dêrnei ûnder oare foar Den Bosch en Leiden. Ferline jier spiler er yn Japan. Van der List docht fan takom wike ôf mei oan de trainingen yn it Kealledykje. Syn debút is by de thúswedstriid tsjin Grins, op sneon 18 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)