Ljouwerter enerzjycoach in sukses

09 nov 2017 - 10:17
Foto: Omrop Fryslân

Yn in jier tiid hawwe har trijehûndert húshâldens oanmeld foar in advys fan de Ljouwerter enerzjycoach. Dy sette ferline jier novimber útein mei tips oan minima foar it besparjen fan enerzjy. En dat docht fertuten: húshâldens gean bewuster om mei harren ferbrûk en se besparje ek echt op de enerzjyrekken, sa meldt de gemeente Ljouwert. Dat komt troch bygelyks it brûken fan ledlampen en tochtstrippen. De gemeente Ljouwert wol no ek sinnepanielen mooglik meitsje foar húshâldens mei in leech ynkommen.

Op de Noardlike Klimaattop yn Grins wurde de resultaten fan Ljouwert tongersdei bepraat. Wethâlder Jan Atze Nicolai set dan mei in soad oare gemeenten yn it noarden syn hantekening ûnder in mienskiplike ferklearring foar de oanpak fan enerzjy-earmoed.

Trefwurden: 
duorsum enerzjycoach Ljouwert
(advertinsje)
(advertinsje)