"Brêgejild moat folslein ôfskaft wurde"

De Boarn yn Akkrum © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It brêgejild yn de gemeente It Hearrenfean moat hielendal ôfskaft wurde. Mei dy oprop komt de fraksje fan D66 tongersdeitejûn yn de riedsgearkomste fan It Hearrenfean. Dêryn wurdt de begrutting behannele. De partij fynt brêgejild net passen by in gemeente dy't wetterrekreaasje wichtich fynt. Under oare yn Akkrum moat brêgejild betelle wurde. D66 seit dat dit foar guon wettersporters reden is om foar in oare rûte te kiezen.