WOZ-wearde omheech yn Fryslân

09 nov 2017 - 09:45
Foto: ANP

In hûs yn Fryslân hie ferline jier in gemiddelde WOZ-wearde fan 169.000 euro. Dat docht bliken út in oersjoch fan it CBS. It gemiddelde leit dêrmei 5.000 euro heger as in jier earder. De sifers komme út in oersjoch fan it CBS mei de gemiddelde WOZ-wearde fan alle provinsjes.

Noard-Hollân stiet yn dat oersjoch boppe-oan mei in gemiddelde WOZ-wearde fan 259.000 euro, Grinslân stiet ûnderoan. Dêr is de gemiddelde WOZ-wearde 157.000 euro. Grinslân stiet dêrmei krekt ûnder Fryslân. De WOZ-wearde is bepalend foar de ûnreplikgoedbelesting dy't betelle wurde moat.

Trefwurden: 
WOZ-wearde
(Advertinsje)
(Advertinsje)