Knegt en Schulting nei heale finale 1.500 meter yn Shanghai

09 nov 2017 - 09:31
Sjinkie Knegt yn aksje - Foto: www.awfoto.nl

Shorttracker Sjinkie Knegt hat by de wrâldbekerwedstriden yn it Sineeske Shanghai de heale finales berikt op de 1.500 meter. Hy wûn sawol syn foarronde as de earste ronde. Ek Itzhak de Laat fan Ljouwert helle de heale finales op de 1.500 meter. Dy wurde sneon ferriden. Dennis Visser fan De Lemmer waard útskeakele op dy ôfstân. Hy oerlibbe de foarrondes noch, mar waard lêste yn syn rit yn de earste ronde.

Op de 500 meter waard Knegt útskeakele. Hy pleatste him noch wol foar de earste ronde, mar rûn dêryn tsjin in diskwalifikaasje oan. Ek Daan Breeuwsma kaam kaam net troch de earste ronde.

Schulting

By de froulju pleatste Suzanne Schulting har foar de heale finales op de 1.500 meter. De froulju rieden allinnich de earste ronde en Schulting waard dêryn twadde yn har rit. Dat wie genôch om sneon de heale finale ride te meien.

Op de 500 meter helle Schulting de kwartfinales. Se waard twadde yn de foarronde en wûn har earste ronde. Sawol de heale finale 1.500 meter en kwartfinale 500 meter wurde sneon ferriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)