Fuotbaltrainer Jan Vlap nimt sabbatical

09 nov 2017 - 09:06
Trainer Jan Vlap - Foto: awfoto.nl

Fuotbaltrainer Jan Vlap nimt in sabbatical. De Snitser is tweintich jier haadtrainer en op it stuit trainer by VV Staphorst, dat útkomt yn de sneons haadklasse B. Hy wol dêr dit seizoen noch in priis mei winne.

Earder wie Vlap haadtrainer by Harkemase Boys, ONS Snits en ASV Dronten.

Trefwurden: 
fuotbal Jan Vlap
(Advertinsje)
(Advertinsje)