Kollum: "Foarspelling"

09 nov 2017 - 08:26

"Ik doch mar ris in foarspelling: oer net al te lange tiid klappe de beurzen en ha we in nije ekonomyske krisis. Nim dat mar fan my oan. Ik bin gjin ekonoom, mar ik kin dit mei in gerêst hert foarspelle. Wannear't de foarspelling útkomt dan kin ik oeral de 'gebraden haan' úthingje, en sa net, dan ferjit elkenien wat ik sein ha fansels. Dus ik sit altyd goed.

Mar der is al wat oan ‘e hân. Der binne trije dingen dy’t my ûngemaklik meitsje, dy’t mei jild te krijen hawwe. En dat is yn it ferline gek genôch altyd in goede yndikaasje west. Sa’n foarspelling as ik niiskrekt die, ha ik ek ris dien foar yn of oare Yslânske bank, en doe lústere der ek net ien. Dat hat wat dommige amtners noch altyd sa’n 166 miljoen euro koste.

De trije dingen binne dizze: de rinte op sparjild is hast nihyl. De rinte op myn eigen sparrekken is 0,1 prosint. En dat betsjut dat wat we ek mei ús sparsinten dogge: it is gau better as op in sparrekken hâlde. Dat sjochst dus werom yn dat minsken risikovolle ynvestearringen dogge, sa as yn ûnreplik guod, keunst en sels muzykynstruminten, en kryptojild.

It twadde is dat ûnreplik guod. Yn Amsterdam is it op it stuit sa mal datst hjir huzen keapje moast sûnder it betingst fan finansiering. Minsken moatte net allinnich binnen in pear dagen, of soms oeren beslisse oer in hûs, mar moatte dan ek al definityf tekenje foar de keap. De prizen stige hjir de panne út. Foar in hiel gewoan appartemint fan 50 kante meter, freegje se hast fjouwer ton. En ast it ha wolst, dan moatst mear biede as dat, want oars kriget in oar it.

It tredde is dat cryptojild, en dat is eins noch it gekste ferhaal fan alles. Feitlik is it firtueel jild. De bitcoin is de meast bekende, mar d’r binne noch folle mear. Wol hast tûzen. Cryptojild is kompjûterkoade. Dizze koade wurdt elke kear wannear't it cryptojild ferhannele wurdt útwreide, mei in nij blokje koade. Dêr komt it wurd ‘blockchain’ wei, ek in wurd út de wat dizige wrâld fan it cryptojild.

Dit kryptojild hat de eigenskip om mear wurdich te wurden. Dat kin troch de koade te kreaken, en dat neame se ‘mining’. Ik sil it net yngewikkelder meitsje, ek omdat ik it sels amper begryp. Mar wat al goed is om te witten is dat der in soad jild yn omgiet. Allinnich de bitcoin al hat in marktkapitaal fan 104 miljard euro. Dat is de grutste, want de twadde is ethereum en die sit op 25 miljard euro, mar no ha we noch mar twa fan de hast tûzen hân, en nûmer hûndert stiet op 37 miljoen euro. En der is in reden wêrom't der safolle jild yn omgiet.

In maat fan my hat ferline jier in bitcoin kocht, foar tûzen euro. Fan ‘e wike sei hy dat hy trije tûzen euro winst hie. In kunde fan my hie ferlyn jier in ethereum kocht, en betelle dêr dizze simmer syn brulloft fan. En ik? Myn jild stiet op ‘e bank, tsjin 0,1 prosint rinte.

Wa is der gek. Ik fansels, want ik lit elke sekonde dat ik mei dizze kollum dwaande bin jild lizze. Ik hie hjir al lang mei ophâlde moaten, en jild yn de atmchain, de gxshares of de stellar lumens stekke moaten: 13, 16 en 21 prosint winst per 24 oeren.

Ik wit it net, mar ik fertrou dy rinte, dy huzemerk en foaral dy cryptomunten net. Dat is fansels dom, jo moatte meidwaan, oars binne jo in dief fan jo eigen portemonnee. Mar dit saakje stjonkt, nei World Online, Lehman Brothers, en nei Icesave.

Dus ja. Doch mei myn foarspelling watst wolst. Goai al dyn jild yn de kryptomunten en wurd ryk, of fertrou de foarspelling fan in net-ekonoom, dy’t net finansjeel ûnderlein is, en dy’t kwa jild risikomijend is. Mar altyd gelyk kriget. Altyd…;-)"

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)