Grutste sloepekonsert fan Nederlân yn Heech

Yn Heech wurdt 30 juny 2018 it grutste sloepekonsert fan Nederlân organisearre. It konsert hat as namme 'Kom terug naar Heeg' en wurdt hâlden yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Ferneamde artysten as Jeroen van der Boom, Hans Klok en Iris Kroes sille nei Heech ta komme en tidens harren optreden fertelle wat foar oantinkens se oan Heech ha.
Woansdeitejûn is de promoasjekampanje fan it konsert úteinset. In frachtwein mei dêrop in grutte reklameposter fan it konsert ried fuort. De frachtwein sil troch hiel Europa ride. Karin Bloemen stjoerde de frachtwein Europa yn. Sy stiet as presintator fan it sloepekonsert ek op de poster. Bloemen kaam eartiids geregeld yn Heech, omdat se in freon hie mei in hûs yn Beetstersweach.