Drachten hat krystferljochting nei Londensk foarbyld

Yn de Drachtster winkelstrjitten Aldewei en Merk is krystferljochting pleatst. It doel fan de ferljochting is om deselde sfear te kreëarjen dy't se yn de Londenske strjitte Oxfordstreet ha. De wurkgroep DR8888 hat socht nei allegearre ferljochte wrâldstêden en kaam doe in ôfbylding tsjin fan de Oxfordstreet. Dizze winkelstrjitte wie yn harren eagen skitterjend ferljochte en tsjinne dêrnei as foarbyld foar Drachten.
De wurkgroep DR8888 is yn it libben roppen troch de Drachtster winkeliersferiening Ha&IE.