Winaam krijt gemeentejild foar opknapbeurt doarpshûs

08 nov 2017 - 21:36

It doarpshûs yn Winaam krijt 75.000 euro fan de gemeente Harns foar in grutte ferbouwing. It doarpshûs mei de namme 'De Bijekoer' moat duorsumer wurde en by de tiid brocht wurde. Dat kostet mei-inoar sa'n 4 ton. It bestjoer fan it doarpshûs wol in moderne útstrieling oan it gebou jaan, dy't oanslút op de takomst en foldocht oan de moderne easken foar in aktiviteitesintrum. Ek wol it bestjoer better ynspylje op de fergrizing yn it doarp en de omkriten.

De stichting achter it doarpshûs hie in oanfraach by it kolleezje dien foar 100.000 euro, mar krijt no 75.000 euro. Neffens de gemeente lit dit sjen dat it kolleezje achter de plannen stiet, mar lit it ek genôch romte oer oan it doarpshûs om sels noch jild by te dragen oan de ferbou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)