Provinsje komt mei aksjeplan foar behâld ynsekten

08 nov 2017 - 21:09

De provinsje komt mei in aksjeplan om it tal ynsekten yn Fryslân net noch mear nei ûnderen gean te litten. Dy tasizzing die deputearre Johannes Kramer woansdei oan Provinsjale Steaten. Grien Links-Steatelid Retze van der Honing hie mei stipe fan in grut tal oare partijen om sa'n aksjeplan frege. Van der Honing basearret him op in grut Nederlânsk-Dútsk ûndersyk dat fêststeld hat, dat yn 30 jier trijekwart fan de ynsekten ferdwûn is. Saakkundigen binne der fan oertsjûge dat de tebekgong fan de greidefûgels in gefolch is fan it ferdwinen fan de ynsekten.

Provinsjale Steaten wolle dat de provinsje mei gemeenten, natuer -en lânbou-organisaasjes, boeren, wetterskippen en saakkundigen aksje ûndernimt. Ien fan de aksjepunten kin wêze maatregels te nimmen om gjin gemyske bestridingsmiddels mear te brûken. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)