Fryske diken wurde feiliger makke foar Ljouwert-Fryslân 2018

08 nov 2017 - 20:36

In romme mearderheid yn Provinsjale Steaten is woansdei akkoart gien mei it feiliger meitsjen fan de Fryske diken foar Ljouwert-Fryslân 2018. De steatefraksje fan it CDA hie dat foarsteld. De diken wurde feiliger makke troch ûnder mear bettere oanwizingen fia ferkearsbuorden.

Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd wurde der takom jier ferskate aktiviteiten yn de hiele provinsje hâlden en de minsken moatte feilich fan it iene nei it oare evenemint reizgje kinne. Steatelid Hans Visser seit dat besikers fan bûten de provinsje minder bekend mei Fryslân binne. "Ferkearsfeiligens stiet by it CDA heech yn it findel en gasthearskip en gastfrijheid moatte hân yn hân gean mei ferkearsfeiligensfoarljochting", sa seit CDA'er Visser.

(advertinsje)
(advertinsje)