Twa auto's yn botsing op A7: fertraging foar it ferkear

Plysje © ANP
By in botsing op de A7 by Aldehaske binne woansdeitejûn twa bestjoerders mei de skrik frijkaam. Troch de botsing tusken de twa auto's wiene der in protte autoûnderdielen op de dyk telâne kaam. Hjirtroch moast ien rydstrook op de A7 yn de jûnsspits ôfsluten wurde. Dat soarge foar in protte fertraging foar de oare ferkearsdielnimmers. It is noch net dúdlik hoe't it ûngelok barre koe.