Provinsjale Steaten wol 'Living Lab' op Ofslútdyk

08 nov 2017 - 19:40

Op de Ofslútdyk moat in libben en dynamysk laboratoarium komme. It CDA yn de Steaten hat dêr woansdei yn oparbeidzjen mei de VVD, PvdA, FNP, ChristenUnie, GrienLinks, SP en 50+ in moasje foar yntsjinne. Dizze waard stipe troch in mearderheid fan de partijen. Mei dit 'Living Lab' moat der in gearwurking ûntstean tusken ûndersyk en ynnovaasje. Yn it laboratoarium moat troch bygelyks studinten ûndersyk dien wurde op it mêd fan duorsumens. It doel is om de konneksjes tusken it ûnderwiis en de arbeidsmerk te ferbetterjen en om publyk-private gearwurking te stimulearjen. Troch de moasje fan it CDA komt der no in ferkennend ûndersyk nei it Living Lab.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)