Protestaksje ambulânsemeiwurkers fan de baan

Op 15 novimber komt der gjin protestaksje fan ambulânsemeiwurkers. Fakbûn FNV lit witte dat it protest foarearst fan de baan is, no't minister Bruno Bruins fan Medyske Soarch it fakbûn útnûge hat foar in oerlis. Neffens de FNV binne de wurkomstannichheden al jierren ûnder de maat. As gefolch hjirfan soe der in leechrin wêze by de ambulânsetsjinsten. Mei de hjoeddeistige besetting komme 20 fan de 24 ambulânsetsjinsten net op tiid by needgefallen oan.
De FNV sjocht goede wil by de minister. Dy stelde al ekstra jild beskikber foar lean en opliedingen foar it personiel. Ek sei de minister dat der lanlik sjoen 20 ekstra ambulânses bykomme moatte. Dat soe lykwols te min wêze om de problemen struktureel oan te pakken. It oerlis is op 29 novimber.