SKS skûtsjesilen ek yn 2018 op telefyzje by Omroep MAX

It SKS skûtsjesilen sil ek yn 2018 op de lanlike telefyzje te sjen wêze. De gearwurking tusken Omrop Fryslân en Omroep MAX wurdt takom jier trochset. It Skûtsjesjoernaal wie ôfrûne simmer oerdeis it programma mei de measte sjoggers op NPO1. De Sintrale Kommisje Skûtsjesilen is tige wiis mei it fierder gean fan de gearwurking tusken de beide media. Benammen om't dit de sport lanlike bekendheid jout. Foar it Skûtsjesjoernaal kin Omroep MAX gebrûk meitsje fan de sjoernalisten en fasiliteiten fan Omrop Fryslân.
MAX-direkteur Jan Slagter is tige wiis mei de gearwurking: "De knowhow over het skûtsjesilen en hoe dat mooi in beeld te brengen, zit bij de Omrop. Ik ben heel blij dat wij daarvan gebruik kunnen maken". Ek haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân is goed te sprekken oer it fierder gean fan de gearwurking: "Njonken ús eigen skûtsjeprogrammearring litte we hjirmei op it lanlike net sjen wat wy kinne en dat is in protte. Dêrnjonken is de gearwurking mei Omroep MAX tige noflik en soarget dy der boppedat foar dat publyk jild effisjint bestege wurdt."