Fryske fans yn de rige foar konsert fan Harry Styles

08 nov 2017 - 17:09

"We love Harry!!" ropt Anita fan De Gordyk yn De Middei fan Fryslân. Se stiet mei in groep freondinnen yn de rige foar de Britske sjonger Harry Styles dy't woansdeitejûn optreedt yn AFAS Live yn Amsterdam. "We hebben er super veel zin in!"

Guon fans binne al twa dagen oan it bivakkearjen om sa oan in goed plakje foaroan te kommen. "We zijn de allergrootste fans," seit Anita. "Als we naar binnen mogen, beuken we iedereen aan de kant om vooraan te komen. En dan maar hopen dat we niet flauwvallen. Vantevoren veel water drinken en dan maar hopen dat het goed gaat."

Skreauwende famkes, knuffels en blommen mei, en oerenlang yn de kjeld wachtsje... Foar froulju tusken de 9 jier en likernôch 36 jier is dizze jûn de belangrykste fan har libben. Se sjogge har idoal Harry Styles, earder fan One Direction. Hy is sa populêr dat kaarten foar syn konsert binnen in pear minuten útferkocht wienen.

De Fryske Geeske hat gjin kaarten krije kinnen. "Ik hie der wol hiel graach by wêze wollen. Sels mei meardere laptops slagge it net om in kaart te keapjen. Ek foar it konsert yn maart ha ik gjin kaart, mar miskien slagget dat noch op Marktplaats." Se hat wol earder alris nei in konsert fan One Direction west, "mar no hat er syn eigen muzyk, dus dat is wol folle leuker."

Trefwurden: 
Harry Styles konsert fans
(Advertinsje)
(Advertinsje)