Lutz Jacobi en Anneke Douma sjonge karnavalskreaker

Lutz Jacobi en Anneke Douma
Kandidaat-riedslid Lutz Jacobi en sjongeres Anneke Douma hawwe tegearre in eigen karnavalskreaker opnommen. It nûmer wurdt nije wike woansdei presintearre yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. Dyselde jûn is ek de ferkiezing fan it bêste libbensliet fan Ljouwert. Jacobi en Douma hawwe earder al mei elkoar songen en dat hat beide goed foldien. Dêrom ha se no de studio yn west om in karnavalsnûmer op te nimmen.
De jûn fan it libbensliet is in inisjatyf fan de PvdA yn Ljouwert. Lutz Jacobi is listlûker, Anneke Douma is listtriuwer. Lutz Jacobi fynt dochs dat it gjin partijoangelegenheid is, want elkenien mei oan de jûn meidwaan. "It libbensliet is fan eltsenien, earm en ryk, jong en âld, polityk en a-polityk", seit Jacobi.