Rjochtbank komt tongersdei mei útspraak oer Nij Hiddum-Houw

08 nov 2017 - 15:54

De Ljouwerter rjochtbank sil tongersdei beslute oft de provinsje Fryslân wol of net trochgean kin mei de proseduere foar de realisaasje fan wynpark Nij Hiddum-Houw by de kop fan de Ofslútdyk. De provinsje wol de plannen foar njoggen wynturbines mei in tophichte fan mear as 200 meter freed 10 novimber op besjen lizze en de plannen trochsette. Stichting ‘Hou Fryslân Mooi’ fynt dat de ynspraak oer it wynpark net goed gien is. De stichting easke dêrom woansdei yn in koart pleit dat de provinsje de proseduere foar Hiddum-Houw fuortendaliks stilleit. Hou Fryslân Mooi wol yn tuskentiid in alternatyf plan foar Hiddum-Houw meitsje dat likefolle Megawatts opsmyt én mear draachflak hat by de befolking fan Súdwest-Fryslân. Neffens de provinsje Fryslân is dêr gjin tiid foar fanwege de ferplichting fan it Ryk om uterlik yn 2020 435 Megawatts oan griene enerzjy te produsearjen.

Hou Fryslân Mooi en de provinsje Fryslân wiene it by de koartpleitrjochter oer hast neat iens. Hou Fryslân Mooi is tige teloarsteld oer de ynspraak by de provinsje en seit dat dy ek yn striid is mei Europeeske rjochtlinen. Neffens Hou Fryslân Mooi wie it plan foar Nij Hiddum-Houw al ‘besletten en yn beton getten’ en hie de spesjaal ynstelde ‘Omjouwingsadvysried’ neat mear yn te bringen.

De provinsje Fryslân bestriidt dat. Neffens de provinsje is der krekt oer wynenerzjy folle mear ynspraak as de provinsje wetlik ferplichte is. De provinsje wiist dêrom de foardering fan Hou Fryslân Mooi mei klam fan de hân. Ek fynt de provinsje dat de eask fan Hou Fryslân Mooi net ûntfanklik ferklearre wurde moat. Saken dy’t mei oerheidsprosedueres te meitsjen ha hearre thús by de bestjoersrjochter of by de Ried fan Steate, net by de boargerlike koartpleit-rjochter, is de provinsje fan betinken.

De rjochtbankpresidint dielde oan de ein fan de sitting mei dat er - fanwege de grutte tiidsdruk - tongersdei al bepale sil oft de provinsje wol of net trochgean mei mei de tariedings foar wynpark Nij Hiddum-Houw. Dat bart mooglik yn de foarm fan in tuskenfonnis, dat letter folge wurdt troch in mear definitive útspraak.

De útspraak smyt neffens saakkundigen sawiesa nijsgjirrige jurisprudinsje op, want yn Nederlân is net earder troch boargers besocht om plannen foar wynparken op dizze wize - en mei dizze arguminten - by te stellen.

(advertinsje)
(advertinsje)