Learlingen krije les yn programmearjen fan LEGO-robots

08 nov 2017 - 15:41

De learlingen fan de middelbere skoalle Ulbe van Houten yn Sint-Anne krije les yn it programmearjen fan LEGO-robots. Dit dogge se foar de LEGO League, in ynternasjonaal toernoai dêr't se by leare gear te wurkjen, te presintearjen en te programmearjen. Troch de learlingen op boartlike wize yn 'e kunde komme te litten mei dizze feardichheden, wol de skoalle de bern tariede op it wurkfjild fan de 21ste iuw.

De learlingen binne no drok dwaande harren robots klear te krijen foar de regionale kompetysje, wêrnei't se trochgean kinne nei de nasjonale, de Europeeske en úteinlik de wrâldkampioenskippen.

(advertinsje)
(advertinsje)