Dokkum iepenet Sinteklaashûs

08 nov 2017 - 15:32
De lanlike yntocht fan Sinteklaas fynt dit jier yn Dokkum plak - Foto: ANP

Dokkum iepenet in Sinteklaashûs oan de Dyk 4-6. Berneboargemaster Noa Daannette Groenevelt iepenet it hûs op 15 novimber. Yn it Sinteklaashûs binne tal fan aktiviteiten foar bern. Learlingen fan de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel kinne mei de klasse delkomme om aktiviteiten mei Sinteklaas en de piten te dwaan.

It Sinteklaashûs is foar publyk alle dagen iepen tusken 16 novimber en 3 desimber. Op wurkdagen is it hûs iepen tusken 15:00-20:00 oere en op sneon tusken 12:00-20:00 oere.

Sinteklaas komt 18 novimber yn Dokkum oan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)