Deadlik ûngelok op A32 kaam troch achterút rôljende auto

08 nov 2017 - 15:26

In rôljende auto hat tiisdeitejûn de oarsaak west fan it needlottige ûngelok op de A32 by Akkrum. Hjirby kaam in 37-jierrige ynwenner fan Ljouwert om it libben. Njonken it deadlike slachtoffer rekke ek in 66-jierrige ynwenner fan Ljouwert ferwûne. 

In 45-jierrige automobilist út Ljouwert ried fan It Hearrenfean nei Ljouwert en krige by it akwadukt by Akkrum maleur mei syn auto. Hy sette dizze fuort nei it akwadukt op it skeane stik dyk op de flechtstrook. Doe't hy de gefaretrijehoeke delset hie en de helptsjinst belle, seach hy dat syn auto efterút rôle en dwers de sneldyk oerstuts. De auto kaam diels yn de middenberm en diels op de linkerbaan ta stilstân tsjin de fangrail. De eigener hat noch besocht de auto tsjin te hâlden en mei de bûslampe op syn mobile telefoan oare ferkearsdielnimmers te warskôgjen. 

In 66-jierrige Ljouwerter dy't krekt in oare auto ynhelle hie en noch links ried, botste tsjin de stilsteande auto op de linkerbaan. De 37-jierrige Ljouwerter klapte hjir boppe op my syn auto. Hy rekke swierferwûne en ferstoar op it plak fan it ûngelok. De 66-jierrige bestjoerder rekke ferwûne en is troch oaren út syn auto helle en nei it sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
deadlik ûngelok Akkrum A32
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)