FIDEO: Kin Fryslân yn 2050 enerzjyneutraal wêze?

Fryslân wol yn 2050 folslein enerzjy neutraal wêze, oft it no giet om sinne- of wynenerzjy, biogas of ierdwaarmte. Is dat wol realistysk? Stadichoan komt der flink wat wjerstân fan ferskate aksjegroepen tsjin alle plannen foar wynmûnen en sinneparken. Elk snapt it belang, mar net ien wol it yn de eigen achtertún. En witte de Friezen wol hoe't se har hûs duorsum meitsje kinne? Oer tolve jier moatte alle wenten yn Fryslân enerzjyneutraal wêze.
Op de noardlike klimaattop komme tongersdei yn Grins tal fan duorsume eksperts by elkoar. Se sille ynformaasje útwikselje en neitinke oer alle nije inisjativen.