Keunstwurk oer de dea op it strân fan It Amelân

08 nov 2017 - 14:26
Foto: Sonja Hooglander

Op it strân fan It Amelân wurdt begjin takom jier in keunstwurk makke, dat giet oer de dea. It is in projekt fan Sonja Hooglander, dy't yn dieltiid studearret oan de Keunstakademy yn Ljouwert. Se wol de reis nei de dea ferbyldzje op it strân, dêr't de natuer syn wurk docht. Se sil figueren en symboalen, dy't te meitsjen hawwe mei de dea, útgrave op it strân. As it wetter der dan oerhinne giet, ûntsteane der geulen. Yn dy geulen komme dinapels te lizzen, dy't symboal stean foar it libben. Uteinlik sille de figueren ûnderrinne en ferlern gean yn de see.

Of sa't de keunstner seit: "de natuer nimt it libben". Tagelyk ûntstiet nij libben, omdat de dinapels meinaam wurde yn de golven. De bedoeling is dat Hooglander op 24 febrewaris begjint mei de opbou. Op 4 maart moat it klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)