Sel easke foar jonge ynbrekker

08 nov 2017 - 13:22
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man fan 18 sûnder fêst wenplak moat njoggen moannen de sel yn. De man bruts yn july yn in auto yn Drachten yn. It guod dat er dêrby meinaam waard letter weromfûn yn in hûs yn Drachten dêr't de man tydlik wenne. Yn it hûs waard ek guod fûn dat ôfkomstich wie fan oare ynbraken.

Twa wiken lyn is tsjin de man ek njoggen moannen sel easke. Oft er dy ek útsitte moat, is de fraach om't de man op dit stuit yn it útsetsintrum yn Ter Apel sit. Dat sintrum is bedoeld foar asylsikers dy't net yn ús lân bliuwe meie.

Trefwurden: 
ynbrekker sel
(Advertinsje)
(Advertinsje)