Alarmsintrale Kooi Drachten sit feilich djip ûnder de grûn

08 nov 2017 - 12:18

Acht meter ûnder de grûn yn Drachten sitte nei alle gedachten de bêst befeilige befeiligers fan Fryslân. It bedriuw Kooi Security is dêr fêstige yn it âlde gebou fan de Nederlandsche Bank. Under dat gebou sit in baas klûs. Yn dy klûs is no in alarmsintrale makke dy't mei troch it bysûndere plak oan de strangste easken foldocht. Feitlik binne sy mei oardel meter wapene beton wol wat oerkwalifisearre want der is mar 25 sintimeter nedich.

Der binne mar sân bedriuwen yn Nederlân dy't in saneamde partikuliere, Europeeske alarmsintrale hawwe en dêr heart Kooi no ek by. Om it foar de sintralisten wat smûk te meitsjen, binne der ûnder oare telefyzjes mei live bylden fan bûten ophongen as sabeare ruten. Tongersdei wurdt de nije sintrale offisjeel iepene. It bedriuw hâldt 300 objekten yn hiel Europa yn de gaten en is spesjalisearre yn mobile kamerabewaking.

Trefwurden: 
alarmsintrale Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)