"Fangstferbod iel yn sâlt wetter soe ramp wêze"

08 nov 2017 - 12:01

In fangstferbod foar iel yn sâlt wetter troch de Europeeske Uny soe de hiele sektor kapotmeitsje. Dat seit ielfisker en bestjoerslid fan de Fryske Fisker Jappie Spijkstra. De Fryske Fisker fertsjinwurdiget de fjirtjin Fryske binnenfiskers. In fangstferbod foar ûnder oare de Noard- en Waadsee is neffens Spijkstra hielendal net nedich, om't de ielstân de lêste jierren wer op peil is.

Hy hat it oer in kranksinnich idee. "Wy dogge as fiskers in soad om de ielstân op peil te hâlden, lykas it útsetten fan glêsiel. As de bonafide fiskers der mei ophâlde moatte, dan sette je boppedat de doarren foar de streupers wiid iepen." Spijkstra tinkt net dat it ta in Europeesk ferbod komme sil. Neist Nederlân is ek Frankryk poer op it ferbod tsjin. Yn desimber praat de Europeeske kommisje oer it foarstel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)