Sietze Schukking beëdige as Steatelid foar D66

08 nov 2017 - 11:48
Sietze Schukking

Sietze Schukking fan Jirnsum is woansdeitemoarn beëdige as Steatelid foar D66. Hy komt yn it plak fan Mark de Roo, dy't nei de simmer de Steaten tuskentiids ferlitten hat. De 54-jierrige Sietze Sije Schukking is al jierren foar D66 aktyf. Op dit stuit sit hy yn de programmakommisje Ljouwert en yn de programmakommisje Fryslân. Hy krijt de portefúlje lânbou, wetter, ekonomy en natoer.

Schukking is direkteur fan Acorus Marine BV en Acorus Automation BV yn Jirnsum en set him yn foar de Stichting It Grienedykster Gea en de inisjatyfgroep Fryslân Foarút. Ek set er him as hobbyboer yn foar seldsume húsdierrassen.

(advertinsje)
(advertinsje)