Staazjeplakken moatte flechtlingen mear kânsen biede

08 nov 2017 - 11:47

Om jonge flechtlingen yn Fryslân in kâns te jaan, moatte bedriuwen mear staazjeplakken beskikber stelle. Dat seit Evelien Cohenno fan de ToekomstAcademie, in inisjatyf fan in stichting dy't jonge flechtlingen helpe wol sadat se yn de takomst mooglik in baan krije kinne. De ToekomstAcademie wol yn de regio Drachten/Burgum leartrajekten foar flechtlingen tusken de 15 oant 30 jier opsette.

Tolve wiken lang, in pear oeren yn de wike, kinne se dan harren sels ûntwikkelje. De ToekomstAcademie yn de regio Drachten/Burgum moat de fiifde lokaasje yn it lân wurde. De inisjatyfnimmers sykje coaches en maatsjes dy't de jonge flechtlingen begeliede kinne. Elk healjier hat de akademy plak foar 125 dielnimmers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)