Neakene bierdrinkende Ljouwerter oppakt

© ANP
De plysje yn Ljouwert hat tiisdei in 24-jierrige Ljouwerter oanhâlden dy't neaken en bierdrinkend op strjitte oantroffen waard. De man hie krekt dêrfoar op Achter de Hoven in boete krigen foar it drinken fan alkohol op strjitte. Koart dêrnei waard hy neaken op it Potmargepaad sjoen. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.
De plysje hat ek in 21-jierrige bromfytser oanhâlden, nei't dy by in rûzje mei in fytser klappen útdielde. In plysjeman seach dat en pakte de bromfytser op.