Undersyk nei brân Frjentsjer

© Stefan Postema
De plysje docht ûndersyk nei de brân yn de wenning oan de Prins Bernhardleane yn Frjentsjer yn de nacht fan tiisdei op woansdei. De brân is nei alle gedachten ûntstien op souder, by it opladen fan in mobile telefoan. Mar om't der ûnder yn de wenning ek in soad skea is, hat mooglik sprake west fan mear brânkearnen.
De plysje siket no út hoe't dat kin. De brânwacht krige fannacht in melding fan in útslaande brân yn it hûs. De bewenner wie fia it keukensrút sels út de wenning kaam en lei ferwûne op de grûn, doe't de helptsjinsten arrivearren. Hy is troch meiwurkers fan de ambulânse behannele. De brânwacht hat twa wenningen ûntromme. Troch de brân ûntstie in soad skea oan de wenning.