Henk Gemser nominearre foar priis Olympysk Komitee

08 nov 2017 - 10:50
Henk Gemser - Foto: ANP

Henk Gemser is troch sportkoepel NOC*NSF nominearre foar de Lifetime Coach Awards, in priis dy't troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee yn it libben roppen is. Tongersdei wurde de winners bekend makke. "Wij vinden dat Henk uitstekend voldoet aan de criteria'', seit Maurits Hendriks, technysk direkteur fan NOC*NSF. "Hij heeft een leven lang aan schaatsen en sport in het algemeen gewijd. Hij is in meerdere functies actief geweest en zelfs in meerdere sporten.''

Nominearren meie net mear aktyf wêze yn harren fak. Se moatte boppedat ien kear as coach oan de Olympyske Spelenmeidien hawwe en in grutte bydrage oan de sport levere ha. Gemser (77) helle syn grutste olympyske coachsuksessen mei de Spelen yn Nagano (1998) mei goud foar syn reedriders Ids Postma (1000 meter) en Gianni Romme (5 en 10 km).

Ek wie Gemser yn 2004 technysk direkteur fan de silers by de Spelen yn Athene, yn 2010 chef de mission by de Winterspelen yn Vancouver en yn 2012 noch technysk direkteur fan it hânbôgebûn op de Spelen fan Londen.

Trefwurden: 
Henk Gemser priis IOC
(Advertinsje)
(Advertinsje)