Lange Slachtemaraton fan twa dagen noch lang net folboekt

08 nov 2017 - 09:46

De Slachtemaraton, 42 kilometer rinne troch it moaie Fryske lânskip mei ûnderweis fan alles en noch wat te dwaan om je der trochhinne te slepen. Mar it bliuwt in ein. Takom jier bestiet de Slachtemaraton út twa dagen. Dizze spesjale edysje hat foar ien kear in nije rûte fan yn totaal sa'n 91 kilometer. De dielnimmers kuierje troch alle doarpen dy't belutsen binne by de Slachtemaraton. Sadwaande wurdt de rûte mear as twa kear sa lang. It is net mooglik om mar ien dei te kuierjen. Der is yn 2018 gjin Slachtemaraton foar hurdrinners. Dy moatte wachtsje oant 2020.

Dat in hiel soad minsken tsjin dy dûbele ôfstân oan skytskoarje, fernimme se by de organisaasje ek. De Slachtemaraton fan 2018, yn it jier fan LF 2018 Kulturele Haadstêd, is op freed 31 augustus en sneon 1 septimber. De start is yn Raerd, de einstreek leit yn Easterbierrum.

(advertinsje)
(advertinsje)