Kollum: "Tsjerkeboeren"

08 nov 2017 - 08:54

"Duorsum. Dat wurd kenne alle politike partijprogrammamakkers. Alles moat duorsum wêze. Benammen de lânbou. Wat dat presys foar dy lânbou ynhâldt, ja dat witte se net. Alteast, it stiet der net. VVD-er Jan Huitema, de Makkingeaster boer yn it Europeeske Parlemint, wit it wol. Hy hat it der ta ferrassing trochkrigen dat it ûnsin is dat boeren de dong fan har eigen kij fuortsmite en dan keunstdong oanskaffe. Europa wol dus no fan elk in biologyske boer meitsje. Wy witte dat as de boeren soks dwaan soene, it hjir gâns fleuriger wurde soe mei blommen, fûgels en sa no en dan kij yn de greiden.

We ha jierren in Europeesk lânboubelied hân wat der op út wie de produksje aloan te ferheegjen. Ynset troch Grinzer boer Sicco Mansholt. Dat dêrmei de greidefûgels fuortstjoerd waarden wie foar in grut tal boeren bysaak; it gie ommers om de mingels molke. De leafhawwers fan it Fryske lânskip, út sis mar de sechstiger jierren fan de foarige iuw, binne de striid mei de boeren oangien.

Fergees. Wylst se ek noch holpen waarden troch de polityk en dus de provinsje. Hartstikkene goed, mar it jild joech gjin fertuten. Sterker, it hiele belied fan FNP-deputearre Johannes Kramer is yn de hobbel rekke. Want je kinne net hieltyd mear jild útjaan oan skriezen, wylst der hieltyd minder skriezen komme. Krekt oarsom trouwens as mei de guozzen. As der dêr wer mear fan komme doocht it belied fan Kramer ek wer net, mar dêr giet it no net oer. Skriezen. Johannes hat nei jierren fergees belied no ek murken dat de boeren, lit my it foarsichtich sizze, noch net allegear like goed meidogge.

Foarbyld. Boeren ferbouwe hieltyd mear mais. Dat is lanskiplik al skande, want je kinne net fier genôch mear sjen. Mar se donderje der dan ek noch fergif oer om soks goed waakse te litten. Raar guod, want benammen de lytsere ynsekten oerlibje it net. En jonge greidefûgels frette inkeld mar lytse ynsekten. It is mar ien foarbyld fan dat boeren wol sizze dat se natoerynklusive lânbou dogge en dêr ek noch jild foar krije, mar dat de werklikheid oars is. Har goed rjocht trouwens, want se ha de grûn kocht en dêr binne se sels baas oer. Al fynt Johannes Kramer dat net mear. Syn eigen FNP stjoert him nei de boeren. Se meie ek al net iens mear Roundup brûke. Se ha dus nei in tal jierren miljoenen útjûn oan net wurkjend belied. No betocht er dat hy dy boeren dochs wat stranger oanpakke moat. Twinge om wat mear mei te dwaan. Kramer moat ek wol, want Fryslân hat de measte CO2-útstjit fan it hiele lân, om't it wetter op boereproduksjeleechte sit yn it feangreidegebiet. No, oer wetter wolle de boeren net iens diskusjearje, dy proef fan tsien sintimeter omheech by de Lauwersmar is ek al wer útsteld.

Mar doe brocht Kramer de twadde ferrassing yn de wike: hy sil net mei boeren, mar mei de tsjerke prate. Dit klinkt in bytsje as in moedeleaze deputearre dy’t it net mear wit en syn heil mar siket by dûmny, pastoar of de imam. Mar Johannes Kramer ken de histoarje en wit dat guon tsjerken grûn ferpachtsje oan boeren. En dan moatte dy tsjerken neffens him mar tsjin dy boeren sizze dat se dy grûn noch wol pachtsje meie, mar dan moat se wol natoerynklusyf of biologysk oan de slach.

Ik sjoch de tsjerkeried fan bygelyks Hartwert al sitten. Moandeitejûn gearkomste. Noflik om de tafel by dûmny. Gewoanwei krije se in bakje kofje fan it pachtjild. En no moatte se ynienen sizze dat der ek ris in blomke en in fûgel yn de grûn fan de tsjerke sitte moat. O ja, en genôch ynsekten fansels. Ik sjoch se al sitten. Nee, hjir leau ik allegear neat fan, en dat is yn dit ferbân in dûbele opmerking. Ik ha justerjûn in lânboudiskusje laat yn Snits fanwege de riedsferkiezingen. It blykte foar de safolste kear dat de polityk mei wurden sa linkendewei hiel fier fan de dieden fan de boeren ôfstiet. Of oarsom. Mar Johannes, dat wurdt echt net in hier better as de polityk no de help fan de tsjerke ynroppe sil. Want de tsjerkerieden besteane foar it meast út boeren."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)