Marit Bouwmeester útroppen ta bêste sylster fan de wrâld

08 nov 2017 - 07:46

Marit Bouwmeester is útroppen ta sylster fan de wrâld 2017. De prestizjeuze prizen fan de ynternasjonale sylfederaasje ISAF foar de bêste siler en sylster fan de wrâld waarden útrikt yn it Meksikaanske Puerto Vallarta. Marit Bouwmeester fan Warten waard dit jier wrâld- en Europeesk kampioen yn de Laser Radial-klasse.

Har broer Roelof Bouwmeester, de coach fan Marit,  waard moandei yn Nederlân by it gala fan de Conny van Rietschoten trofee noch útroppen ta coach fan it jier. Foar de ferkiezing fan sylster fan it jier yn Nederlân kaam de 29-jierrige olympysk kampioene net mear yn oanmerking omdat se dy priis al trije kear wûn hat.

Marit wie fansels bliid en grutsk mei har ferkiezing. “As siler ha ik alles wûn: wrâldbekers, EK's en trije kear de wrâldtitel. En ik ha twa olympyske medaljes, mei as absolút hichtepunt it goud yn Rio 2016. Mei de titel ‘World Sailor of the Year’ is myn earelist hielendal kompleet. It is in priis dy't je net winne kinne, mar dy't je krije. It fielt as in erkenning foar alles wat ik wûn ha. Ik bin super grutsk en fyn it in hiele eare. Ik wol graach eltsenien tank sizze. Al dy minsken dy't altyd yn my leaud hawwe en dy't my holpen ha mei myn karriêre."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)