Ien persoan ferwûne by wenningbrân Frjentsjer

08 nov 2017 - 06:48

By in wenningbrân yn Frjentsjer is yn de nacht fan tiisdei op woansdei in bewenner licht ferwûne rekke. De brânwacht krige in melding fan in útslaande brân yn in hûs oan de Prins Bernhardleane. Der wie noch in bewenner yn it hûs, mar dy koe op eigen gelegenheid nei bûten komme. It slachtoffer is troch meiwurkers fan de ambulânse behannele oan syn ferwûningen. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle en hat de wenning fentilearre. De bewenners binne op in oar plak opfongen. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
brân Frjentsjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)