Tennisser Sander Arends nei twadde ronde yn Bratislava

07 nov 2017 - 22:54
Sander Arends yn aksje op Wimbledon - Foto: Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat tiisdeitejûn, tegearre mei syn maat Antonio Sancic út Kroäsië, de twadde ronde berikt fan it Challengertoernoai yn Slowakije. Yn de earste ronde wie it duo te sterk foar de Switser Luca Margaroli en de Eastenriker Tristan-Samuel Weissborn.

Yn Bratislava wûnen Arends en Sancic de earste set mei 6-4. De twadde gie mei dyselde sifers ferlern en dus moast de tredde set de trochslach jaan. Dy gie mei 10-6 nei Arends en Sancic en dus stiet dit duo woansdei yn de kwartfinales. Tsjinstanners binne dan de Rus Mikhail Elgin en Divij Sharan út Yndia.

(Advertinsje)
(Advertinsje)