GroenLeven fluchst groeiende bedriuw fan Noard-Nederlân

© Twitteraccount GroenLeven
It bedriuw GroenLeven hat tiisdei yn teäter De Tamboer yn Hoogeveen de gouden FD Gazellen Award útrikt krigen. GroenLeven is it fluchst groeiende bedriuw yn de kategory 'middelgrut' fan de regio Noard-Nederlân. De priis wurdt útrikt troch it Financieele Dagblad.
Behalve nei groei wurdt der ek sjoen nei de omsetgroei en oft in bedriuw in stabile en sûne finansjele posysje hat. GroenLeven is in bedriuw dat sinneparken bout op bytiden hiel bysûndere lokaasjes.

Grutsk

GroenLeven is troch twa freonen opset. Se binne begûn yn in garaazje en binne der no grutsk op dat se it fluchst groeiende, middelgrutte bedriuw fan Noard-Nederlân binne.
Sytse Bouwer, ien fan de twa freonen en mei-eigener fan GroenLeven: "Geweldich om dizze award te krijen. Dit is in prachtich nij haadstik út it jongesboek 'GroenLeven'. We wurkje hurd mei in prachtich team en wurkje fan út it prinsipe 'dwaan is it nije tinken'. Belangryk is datst altyd dyn ôfspraken neikomst."
Neffens Bouwer is de priis in grut komplimint foar it bedriuw en de meiwurkers dy't alle dagen hurd wurkje en klear stean foar de klanten.