Deade en ferwûne by slim ûngelok op A32 by Akkrum

07 nov 2017 - 20:48

By in slim ûngelok op de A32 by Akkrum is tiisdeitejûn in deade fallen. It giet om in 37-jierrige ynwenner fan Ljouwert. Behalve it deadlik slachtoffer rekke der ek in persoan slim ferwûne: in 66-jierrige ynwenner fan Ljouwert. De oarsaak fan it ûngelok wie in auto mei maleur, dêr't twa auto's opbotst binne.

De dyk tusken It Hearrenfean en Akkrum hat in skoft ôfsletten west. It ferkear waard by It Hearrenfean fia Drachten omlaat. Der wiene seis ambulânses oanwêzich en ek it mobyl medysk team waard ynskeakele om help te ferlienen.

Trefwurden: 
A32 ûngelok Akkrum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)