Garânsjefûns foar aktiviteiten Kulturele Haadstêd

07 nov 2017 - 20:29
Foto: Ruben van Vliet

Der komt in garânsjefûns foar Kulturele Haadstêdaktiviteiten dy't ôfhinklik binne fan kaartferkeap. De provinsje, de gemeente Ljouwert en it Fûns Podiumkunsten wol net dat organisatoaren yn't foar al yn finansjele problemen komme.

Yn totaal is der foar it fûns al goed 1,5 miljoen euro beskikber makke. Ien miljoen komt fan de provinsje, trije ton fan de gemeente Ljouwert en twa ton fan it Fûns Podiumkunsten. It giet yn totaal om alve foarstellings. As de aktiviteiten úteinlik winst opbringe, diele de trije partijen mei yn de winst.

Deputearre Sietske Poepjes wol ynkoarten wer mei de organisaasje fan Ljouwert Fryslân 2018 yn petear oer de sponsoring. It tal sponsors kin better, fynt Poepjes, dy't dêrneist stelt dat Ljouwert Fryslân 2018 ynhâldlik as in hûs stiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)