Ferkearsdrokte op krusingen Oosterkade yn Ljouwert

07 nov 2017 - 20:05

It ferkear op de krusing tusken de Oosterkade en de Wijbrand de Geeststrjitte yn Ljouwert stiet op it heden betiden sa fêst, dat de plysje derby komme moat om it ferkear te regeljen. De drokte is in gefolch fan de maatregels dy't nommen binne oer de krusing fan de Oosterkade en it Vliet.

It ferkear dat oer de Oosterkade rydt mei net mear linksôf it Vliet op en ferkear fan it Vliet mei net mear linksôf de Oosterkade op. Automobilisten ha no grutte muoite om fanút de Wijbrand de Geeststrjitte de Oosterkade op te kommen. Fuotgongers stekke mei gefaar foar eigen libben oer. Bussen moatte bytiden lang wachtsje oant de Oosterbrug leech is en se fan de Blokhúspoarte ôf ôfslaan kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)