Nei plofkreak krijt Bakkefean in nije pinautomaat

07 nov 2017 - 18:29

Bakkefean krijt wer in pinautomaat. Nei de plofkreak ferline moanne op de eardere automaat yn de Poiesz-supermerk, hat Rabobank oerlis hân mei de supermerk, pleatslik belang en de bewenners fan de huzen rûnom de automaat. Nei dit oerlis is besletten om opnij in pinautomaat yn de Poiesz oan de Duerswâldmer Wei te pleatsen.

De supermerk hat royale iepeningstiden, sa't der genôch gelegenheid is om jild op te nimmen. De ynwenners fan Bakkefean binne bliid mei de oplossing. De ferwachting is dat de pinautomaat yn desimber yn gebrûk nommen wurde kin. Oant dy tiid kin by de kassa's fan de Poiesz pind wurde, mei in maksimum fan 250 euro.

(advertinsje)
(advertinsje)